In lyts feestje

Dit is myn fjouwertûzenste berjocht op dit weblog …

En dat op myn fiifensechstichste jierdei…

Gjin grut feest, gewoan lekker rêstich yn’e tún no’t heal Fryslân op fakânsje is …

Us útfanhuzer Oskar derby en in lekker koel Siuwsk ‘Schuumkopje’ of in Fryske ‘Us heit’ … komt hielendal goed …

En o ja, ik sit sûnt juster goed yn ‘e sinneblommen, mar der stie gjin ôfstjoerder by… tige tank lykwols!